Springe nei ynhâld

Voice-over

Ut Wikipedy
In man dy 't in voice-over ynsprekt.

In voice-over (letterlik: "oerhinne-stim") is in produksjetechnyk wêrby't de stim fan in bûtenbyldske ferteller brûkt wurdt om yn in film of tillefyzjeprogramma kommentaar te jaan op of by datjinge dat der te sjen is. Yn dokumintêres en reportaazjes wurdt sa'n voice-over oantsjut as de kommentaarstim. Yn films en tillefyzjedrama's wurdt ornaris earder fan 'e ferteller sprutsen. In voice-over kin trouwens ek foarkomme by teäterproduksjes of harkspullen op 'e radio.

Voice-overs wurde oplêzen fan in yn 't foar gearstald skript. De persoan dy't de voice-over útsprekt, kin soms yn films en tillefyzjesearjes op in oar plak yn 'e produksje yn in dielnimmende rol ferskine. It ynsprekken fan 'e stimmen yn in tekenfilm is gjin voice-over, mei't dy stimmen streekrjocht mei-inoar omgeane. Wol is it mooglik dat in tekenfilm in voice-over hat, dy't dan krekt deselde foarm oannimt as by in live action-film. Ek is it sa dat stimakteurs, dy't de stimmen by tekenfilms ynsprekke, faak dêrnjonken ek wol voice-over-wurk dogge.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.