Springe nei ynhâld

Wees

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Weesbern)
Wezen, in skilderij fan Thomas Kennington, út 1885.

In wees of weesbern is in bern fan wa't beide âlden stoarn binne, of dy't troch beide âlden foargoed yn 'e steek litten binne. De term is yn 'e regel inkeld fan tapassing op bern fan wa't de âlden stoarn binne foàrdat se folwoeksen wurden binne. Folwoeksenen dy't beide âlden ferlieze, wurde allinnich by hege útsûndering as wees oantsjut.

Yn it ferline, doe't troch breklike sûnenssoarch en nuodliker libbensomstannichheden wezen folle mear foarkamen, waarden weesbern, as der gjin oare famylje wie om harren grut te bringen, opnommen yn in saneamd weeshûs, wêrfan't eltse stêd der wol ien hie. Tsjintwurdich wurde sokke gebouwen foar oare doelen brûkt, mar steane se gauris noch altyd bekend as "it âlde boargerweeshûs". Tsjintwurdich wurde minderjierrige wezen yn Nederlân opnommen yn opfangtehuzen, en wurde se nei ferrin fan tiid ornaris ûnderbrocht by in pleechgesin. It doel is om se úteinlik adoptearje te litten.

Guon organisaasjes, wêrûnder UNICEF, it bernefûns fan 'e Feriene Naasjes, tsjutte ek elts bern wêrfan't ien fan 'e beide âlden ferstoarn is, oan as wees. Soms wurdt yn dit ramt ûnderskie makke tusken in 'heale wees', dy't ien fan 'e âlden ferlern is, en in 'folle wees', dy't beide âlde kwytrekke is. Neffens UNICEF wiene der yn 2001 107.964 wezen yn ûntwikkelingslannen, mar om't dêrby ek bern meiteld binne dy't mar ien fan 'e âlden kwyt wiene, is ûndúdlik om hoefolle echte wezen oft it dêrby giet. Yn elts gefal telde UNICEF 66.000 wezen yn Aazje, 34.000 yn Afrika en 8.200 yn Latynsk-Amearika en it Karibysk Gebiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.